In wike IFKS

Fakânsje, efkes lekker ta rêst komme!

 
Ik wurd wekker yn in boat dy’t alderferskuorrendst nei switsokken, ferskrale bier, wiete hûn en dranksketen stjonkt. Ik haw lêst fan de bealch, fan de holle en fiel my best wol gammel, sa gammel dat it golvjen fan de boat hjir net de skuld fan krije kin. Stadichoan doch ik myn eagen iepen en sjoch ris om my hinne. Om my hinne lizze de manlju en froulju dy’t mei my ferantwurdlik binne foar dy smoarige stjonkerij hjir. Ik tink ris efkes rêstich nei oer hoe’t ik hjir mei dizze minsken yn dit stjonkskip bedarre bin en wat we ôfrûne wike tegeare útfretten hawwe. Yniens fiel ik de spierpine yn myn earmen, myn skouders en myn fingers en merk ik dat ik aardich blauwe plakken op rûn haw. Ik betink my dat, nettsjinsteande dat it foarby fleach, it in lange wike west hat. In moaie wike ek, al hie it wis wol better kinnen. Ik merk ek dat ik útlein bin en ik besykje út myn koai te kommen. 
Al mei al kin ik der aardich útkommen. Ik betink my dat ik my noch wol aardich fit fiel, wylst ik my bûk om nei de wenromte op it skip ta te rinnen. Drekst wurdt ik der oan herinnere dat ik in ezel as myn bettere sjen moat, want lykas hast eltse dei ôfrûne wike stiet ik myn rêge en myn harsens oan de ferleging yn it dak. Dien is it mei it fit fielen. Mei pine yn ‘e harsens dy’t aardich skoart op de skaal fan migrêne nim ik plak oan de grutte tafel yn it skip. It wurdt tiid foar it moarnsiten dat, lyk as de rest fan ‘e wike, út bakt ei mei bacon, kofje en yoghidrink bestiet. Hjir knapt in minsk fan op.
Sa dúdlik as ik oan mysels fiel dat in minsk hjir fan opknapt, sa dúdlik merk ik dat ek oan de rest fan de groep. Alle prestaasjes fan de nacht derfoar wurde, oanfold mei sfear ferheegjende dranksketen, nochris efkes rêstich bepraten. Dêrnjonken wurdt der, oansjoen it de lêste dei is, aardich oandacht besteed oan ‘e evaluaasje fan de wike. In wike dy’t yn Hylpen (twadde) begong en dy’t ús fia Starum (fjirde), Heach (tredde), Sleat (tredde) en Ychtenbrêge (earste) yn Lemmer (fjirde en twadde) brocht. In wike dy’t yn it teken stûn fan de iepen Fryske kampioenskippen skûtsjesilen, better bekend as de IFKS.
Bliid wienen wy mei ús earste plak op it Tsjûkemar by Ychtenbrêge en ús promoasje fan de C nei de B klasse. Wat minder bliid wienen we mei de Ouwe Zeug en it Makkumerskûtsje dy’t it earste en it twadde plak foar harren rekken namen. Al mei al wienen we mei de 100 jier âlde Yde graach twadde of leaver noch earste wurden. Mar it meast belangrike doel, promoasjes, wy lokkigernôch doch berikt. Genôch reden foar in moai feestje justerjûn en ek genôch reden foar in kater hjoed. Mar fansels ek reden foar wat teloarstelling, dit oansjoen men wer in jier wachtsje moat foardat der wer in IFKS wike plak fine sil. 
Mar wêr wachtsje je dan presys op? Wat hâld sa’n IFKS wike ien. Graach soe ik dit út lizze wolle oan de han fan in beskriuwing fan de woansdeis, de dei fan de wedstriid yn Sleat.
 
Klassemint IFKS C-Klasse                    
Naam Za Ma Di Wo Do Vr Za T Sw Na
Oude Zeug Arend Wisse De Boer, Gorredyk 6 3 0.9 0.9 2 0.9 3 16.7 6 10.7
De Zes Gebroeders, Klaas Keprus, Makkum 0.9 2 4 2 3 5 0.9 17.8 5 12.8
De Yde, Wietse Bandstra, Parregea 2 4 3 3 0.9 4 2 18.9 4 14.9
Swan Fan Donia, Anko van der Plas, Langwar 3 5 8 5 4 3 7 35 8 27
De Verandering, Wint Bekkema, Burgum 4 0.9 2 7 5 14 14 16.9 14 32.9
Ulbe Zwage, Kees Hermsen, Velp 11 6 5 4 7 2 14 49 14 35
Friesland, Lodewijk Meeter (hzn), Lemmer 8 7 10 8 8 6 4 51 14 41
It Abbegeaster Skûtsje, Henk Frankena, Abbegea 5 9 9 6 9 14 6 58 14 44
Oant Moarn, Wouter Egas, Galamadammen 7 11 7 9 6 9 10 59 11 48
Gerrit Ynze, Govert Riksen, Galamadammen 10 12 12 13 11 7 5 70 13 57
Stêd Sleat, Hillebrand de Vries, Sleat 13 8 6 10 13 14 8 72 14 58
Harmonie, Floris Bottema, Boalsert 9 14 11 11 12 8 9 74 14 60
Twee Gebroeders, Jan Overwijk, Top en Twel 12 10 13 12 10 10 11 78 13 65

0,9 punten is in oerwinning, Sw is minste wedstriid en Na is nei ôflûk (je meie de minste wedstriid ôflûke).

In (woans)dei as IFKS siler

It is rûn in oere as healwei sânen dat wy wekker makke wurde. Foar de tredde kear dizze wike bart dit troch bemanningslid Jan en syn wetterhûn Alger. Wa’t ik op dit stuit de grutste hûn fyn soe ik hjir graach yn it midden litte wolle, ik fertel allinne wol dat ik net sa’n moarnspersoan bin en dan witte jim miskien wol genôch. Us fêste aaibakker is krekt wat minder moarnsks as my. Hy springt, ûnder it roppen fan syn “docht my neat!” út bêd wei om him oerentûsjast op it brochje te smiten. 
Stadichoan wurde de oaren ek wekker en soarget eltsenien derfoar dat se har moarnsritueel ôfwurkje. Yntusken komme Anton, Fenny (Anton syn suske), Jacquelien en Wiesje der ek oan setten. Tegeare mei de frou en bern fan in oar bemanningslid sille sy ús hjoed fanôf de folchskippen oanmoedigje. Rûn in oere as 8 wurdt it skûtsje klear makke foar de striid, it dek wurdt skrobbe, de syllatten ynstallearre en wy binne klear om út te faren. Op dizze woansdei moatte we earst mei trije boaten fan Wâldsein (dêr’t we op it wurk fan Allard B. iten krije) nei it Sleattemer. Hjir wurde twa skepen foar anker lein en wurde de seilen omheech draaid foar de fjirde wedstriid yn it IFKS. Yn dizze wedstriid einigje we as tredde. Drekst nei de wedstriid lizze we oan neist de folchskepen en drinke we mei syn allen in bierke, wêrnei de syllatten wer opburgen en it grutseil en de fok opdoekt wurde.
De folgjende dei sile we op it Tsjûkemar. Dit hâldt yn dat we ûnder in brêge fan de A6 troch moatte. Om dit te realisearen sille de mêsten del moatte. Mei it skûtsje is dit gjin probleem, mar it folchskip kin dit net. Hjirtroch sit der neat oars op as it omfaren oer Wâldsein, Langwar en Skarsterbrêge sadat we rûn 17:00 yn Ychtenbrêge oankomme. Undertusken begjinne se hjir mei iten koaitsjen, oansjoen we dy jûns nei de priisútrikking en it feest yn Sleat moatte. Mei de taksy sette we nei it iten ôf rjochting Sleat, dêr’t we krekt op tiid binne foar de priisútrikking (20:00). Hjirnei moast der feesten wurde, want at je no earste as tsiende binne, de toarst moat dwêste wurde. Dit hâlde je fol oant in oer as 1:00 en dan hurd mei de taksy nei de boaten, moarn moatte we der wer foar!
 
Al mei al wie it in pracht fakânsje. No mar sjen oft ik kommende wike wat bykomme kin.